Skip to ContentSkip to Navigation
About us Campus Fryslân Master's programmes Campus Fryslân Voice Technology

Common Voice Contribute-a-thon

De Mozilla Foundation organisearret Mozilla Festival (MozFest) 2021 firtueel fan 8 maart 2021 ôf mei as haadtema "Trustworthy AI". Yn oanrin nei it festival organisearje Campus Fryslân en Hogeschool van Amsterdam tegearre mei de Mozilla Foundation de Common Voice Contribute-a-thon, en do kinst meidwaan!

Live opening event

De Challenge start freed 15 jannnewaris om 15.00 mei in lêzing fan Nanda Piersma, HvA lektor Responsible IT en Common Voice Fellow Josh Meyer.

- Lêzing 1: Josh Meyer (Common Voice Fellow)
Community-aktivearring foar spraaktechnology
- Lêzing 2: Nanda Piersma (Hogeschool van Amsterdam)
Spraakonderzoek van het Nederlands en de rol van bronnen als Common Voice

Live Stream
Mozilla
YouTube

Live einevenemint

De Challenge slút ôf op 22 jannewaris om 15.00 mei in forumdiskusje oer minderheidstalen mei Dr. Esther Klabbers, Dr. Jelske Dijkstra fan Rijksuniversiteit Groningen / Campus Fryslân en Daan van Esch Internationalization for Language Technology, Google.

Moderators
• Dr. Matt Coler – Director of Voice Technology MSc. & Associate Professor of Language & Tech at University of Groningen / Campus Fryslân
• Tan Phat Do – Doctoral Researcher at University of Groningen / Campus Fryslân

Live Stream
Mozilla
YouTube

De challenge, live skoares

Wylst de challenge wurdt de skoare live byhâlden op it skoareboerd.

Frijwillige registraasje
Dielnimmers kinne harren frijwillich registrearje fia ûndersteand registraasjeformulier. Dit is net ferplicht of nedich om mei te dwaan.

Common Voice challenge
Common Voice challenge

Common Voice challenge

Elkenien dy’t Nederlânsk of Frysk sprekt kin meidwaan mei de challenge. Dat dochsto troch op de Frysktalige Common Voice, sinnen yn te sprekken en opnamen fan oaren te falidearjen. It opnimmen wurket gewoanwei yn de browser, fia de ynboude mikrofoan fan dyn kompjûter of mobile apparaat

Doel is om in ien wike safolle mooglik audio yn te sprekken en goed te karren. Alle yndividuele bydragen yn it Nederlânsk of Frysk wurde by inoar opteld. Doe kinst de skoare fia it live dashboerd folgje. De taal dy’t tusken 15 en 22 jannewaris de measte audiominuten sammele en falidearre hat, hat wûn. De persoan dy’t wylst de wike it measte lûd ynsprekt en falidearret, wint.

Spraak is in frij nije, mar al protte brûkte manier om te kommunisearjen mei technology. Mar in protte stimassistinten begripe Nederlânsk en Frysk net goed. Troch op de Common Voice-website sinnen yn te sprekken en sinnen fan oaren te falidearjen, learsto oan in kompjûter hoe’t in gewoane Fries of Nederlander praat. Op dy manier helpsto mei in Fryske en Nederlânske iepenboarne spraakdatabase te bouwen. In iepen, ynklusive technology is wichtich foar Nederlânske konsuminten en bedriuwen.

Troch in skermôfdruk fan it ljepblêd Statistiken te meitsjen yn dyn Common Voice-profyl (wêryn dyn brûkersnamme ek sichtber is) en dizze per e-mail te stjoeren nei cf-comm@rug.nl, kinsto in coole stikker fan it evenemint krije!

Gearwurking Mozilla, HvA en RuG
It is wichtich om safolle mooglik ferskare talen en stimmen troch Common Voice werkenne te litten. Dêrom wurket Mozilla yn Nederlân tegearre mei de Hogeschool van Amsterdam en Rijksuniversiteit Groningen Campus Fryslân om de oanwêzigens fan it Nederlânsk en Frysk yn de Common Voice database te ferbetterjen.

Studinten fan dizze twa Nederlânske ûnderwiisynstellingen ûndersykje spraaktechnology yn de nije MsC Voice Technology (RuG) en betinke en meitsje ynnovative tapassingen foar spraak yn de Minor Conversational Interface (HvA).

Common Voice en Mozilla
Mozilla is in non-profitorganisaasje dy’t it ynternet foar elkenien iepen en tagonklik hâlde wol. Mozilla makket browsers, apps, koade en helpmiddelen dy’t minsken foar winst stelle.

Common Voice is in inisjatyf fan Mozilla om masinen te helpen learen hoe’t gewoane, echte minsken sprekke.

Culture, Language & Technology

Campus Fryslân's Culture, Language & Technology Flagship comprises a team of researchers and scientists dedicated to exploring how Human, Social and Behavioural Science-lead research can have a regional impact. The Flagship has two research themes:

* Minoritized languages and multilingualism: We research Frisian, Dutch and other minority cultures, languages and multilingual interactions.

* Voice and speech technologies: We research voice and speech technologies, not only investigating technological components, but also social and cultural issues (e.g. how technology is used, by whom, and for what purposes).

Voice Technology MSc

We are very proud of the fact that in September 2021 the first group of students will start our brand new Voice Technology MSc programme !

This Master’s programme is one-of-its-kind. No other Master’s programme in continental Europe is dedicated exclusively to Voice Technology. No matter if your Bachelor’s degree is in linguistics, computer science, engineering, digital humanities, or something else altogether, if you are interested in voice technology and aren’t afraid of exploring new terrain, then this is the programme for you.

Last modified:02 March 2021 08.49 a.m.
View this page in: EnglishNederlands