RUG ynvestearret yn gearwurking by it bestudearjen fan de Fryske taal en kultuer

De Fakulteit Letteren fan de RUG hat Dr. Anne Merkuur oansteld om it ûnderwiis en ûndersyk rûnom it Frysk fierder foarm en ynhâld te jaan. Merkuur sil har nije funksje oan de RUG kombinearje mei har oanstelling by de Fryske Akademy. Prof. dr. Thony Visser, dekaan fan de Fakulteit Letteren: ‘Mei dizze oanstelling fan Anne Merkuur ynvestearje wy net allinnich yn talint op it mêd fan de frisistyk, mar ek yn de gearwurking mei ús wichtichste Fryske kennispartner. Sa jouwe wy op in takomstbestindige wize ynfolling oan ús ferantwurdlikheid foar it bestudearjen fan de Fryske taal en kultuer.’
Nelleke IJssennagger-Van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy: ‘De beneaming fan Anne Merkuur jout ús noch mear mooglikheden om tegearre mei de RUG op te lûken by it wittenskiplike ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer en it oplieden fan in nije generaasje ûndersikers. Wy sjogge dit as in ynvestearring yn kennis foar de takomst.’
Mei de beneaming fan Merkuur (fan 1 desimber ôf) wurdt de romte ynfolle dy’t ûntstien is nei it emeritaat fan prof. dr. Goffe Jensma. Om’t it profyl fan Merkuur noch net hielendal oanslút op de funksjekritearia foar heechlearaar sil sy de gelegenheid krije mear ûnderfining op te dwaan. Oer in pear jier sil der op ’e nij in trajekt opstarten wurde foar de posysje fan heechlearaar. De liederskipstaken foar de groep Fryske taal en kultuer sille de kommende wiken útfierd wurde troch dr. Joana Da Silveira Duarte, universitêr haaddosinte Minorities and Multilingualism, ek lektor Meartaligens oan NHL Stenden. Dizze konstruksje draacht by oan it fersterkjen fan de ynterdissiplinêre gearwurking tusken de RUG (sawol de Fakulteit Letteren as de Kampus Fryslân), de Fryske Akademy en NHL Stenden, en boarget it ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Om dizze gearwurking tusken de ferskate kennisynstellingen fierder út te wurkjen, sil yn gearspraak mei de Provinsje Fryslân in ûndersyk útfierd wurde nei de mooglikheden foar it universitêr en postakademysk ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
De Fryske deputearre Sietske Poepjes reagearret mei wurdearring op de nije oanstelling: “De provinsje is bliid dat der no in goed fundamint slein is foar de Frisistyk; sawol de akademyske kant fan it ûnderwiis as ûndersyk rûnom it Frysk. Wy wolle in stevich plak fan de Frisistyk yn de akademyske wrâld, sa dat kennis en ûndersyk rûnom ús prachtige offisjele taal boarge is. Foar de provinsje is it wol hiel wichtich dat dit bydraacht oan it beskermjen en befoardjen fan ús taal en it praktysk brûken yn de deistige praktyk. Mei dizze oanstelling kinne wy dêr fierder oan wurkje.”
Last modified: | 20 October 2022 11.36 a.m. |
More news
-
02 July 2025
Just Art? New project aims to harness the power of artistic research for climate justice
A large consortium receives 6,8 million euros from the Dutch Research Council as part of the Dutch Research Agenda to put art at the center of climate justice, from Aruba to the Wadden Islands.
-
01 July 2025
Khalaf Alkhalaf elected Alumnus of the Year 2025
Khalaf Alkhalaf has been elected Alumnus of the Year 2025 by the University of Groningen. He has received the award for his commitment to providing good care and guidance to refugees in the Netherlands and the inspiring way in which he shares his...
-
24 June 2025
Lizayra Dassen wins the 2025 Gerrit Krol Award
The fourth edition of the Gerrit Krol Award was awarded to Lizayra Dassen for her essay titled Een uitdagende onwetendheid (A challenging ignorance). The jury described her essay as ‘convincing’ and ‘well thought-out’.