Campus Fryslân yn FryslânDOK oer Blokhúspoarte
De Blokhúspoarte is no dé kulturele hotspot fan Ljouwert. Mar achter de muorren fan de eardere fêsting en finzenis skûlet in yndrukwekkende skiednis fol fertochte ferhalen. De trijedielige FryslânDOK rige Straffe Saken pluzet se út.
De kop fan Jut, Aage M. en Dokter O. giene de skiednis yn as bekende strafsaken. Al dizze feroardielden hawwe ien oerienkomst: Se sieten harren straf út yn de Blokhúspoarte. En se binne net de iennigen. Efter de doarren fan it monumintale kompleks waarden iuwenlang finzenen opsletten en skokkende straffen útfierd. Sa no en dan wie de Blokhúspoarte dekôr fan in spektakulêre ûntsnapping.
Dizze yntrigearjende ferhalen binne yn de rin fan tiid fergetten, seagen dokumintêremakkers Wilfried Bijma en Jelmar Hoekstra. Skande, fûnen se. De Blokhúspoarte hat 500 jier lang in wichtige rol spile yn de ûntwikkeling fan de Fryske en Nederlânske rjochtsaken, dêr’t de gefolgen hjoed noch hieltyd sichtber fan binne. De Fryske ‘Dalstra’s wiene bygelyks de earste misdiedigers yn Nederlân dy’t nei de ôfskaffing fan de deastraf yn 1870 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele waarden.
Yn de dokumintêrerige Straffe Saken nimt ferteller Lourens van den Akker de sjogger mei nei it tjustere ferline. Mei rekonstruksjes wurde de meast oansprekkende saken wer ta libben brocht. Rjochtestudinten fan Campus Fryslân reflektearje op de âlde rjochtsaken. Sa lit de rige sjen hoe’t rjochtspraak en straf troch de iuwen hinne feroare binne.
Straffe Saken is te sjen fan 6 juny ôf op NPO 2 en Omrop Fryslân. Sneon 15.30 oere by NPO2 en snein 13.15 oere NPO2 en fan 17.00 oere ôf by Omrop Fryslân.
More news
-
15 September 2025
Successful visit to the UG by Rector of Institut Teknologi Bandung