|
Moai dat soks kin! Fan 1984 ôf kinst mei dyn universitêre stúdzje yn Ljouwert by de festiging Fryslân begjinne. It inisjatyf dat de Ryksuniversiteit Grins doedestiids nommen hat, wurket noch hieltyd. As provinsjaal bestjoer fan dizze provinsje stypje wy dy aktiviteit fan herte. It befoarderet it trochstreamen fan VWO-learlingen nei it universitêr ûnderwiis. Foar Ljouwert as studintestêd is it in aardige oanfolling.
Dêrnjonken hat it fansels ek oare foardielen. Mar wa kinne dat better fertelle as de Fryske studinten. Lês dêrom dizze folder en kom del op de foarljochtingsbyienkomsten. Stel dy foaral op ?e hichte fan de mooglikheden fan dit stikje universiteit yn Fryslân. Alfêst sukses mei de stúdzje ? Te begjinnen yn Ljouwert!?
Drs. S. Jansen, Ex-geputearre fan û.m. ûnderwiis
|